• Home
  • Ynformaasje
    • Fleisferkeap
    • Adoptear in ko
    • Keal by de ko
    • Nijs
  • Kontakt
  • Nijsbrieven
  • Home
  • Ynformaasje
    • Fleisferkeap
    • Adoptear in ko
    • Keal by de ko
    • Nijs
  • Kontakt
  • Nijsbrieven
Publisearre op 19 july 2020

Molketaap yn it lêst fan augustus

Meikoarten (yn it lêst fan augustus) hawwe wy in molketaap. Dit is in apparaat dêr't jo sels op in ienfâldige manier de molke taapje kinne yn in eigen flesse. As de molketaap wurket, stjoere wy in nijsbrief nei de by ús bekinde mailadressen. Jo kinne ek yntekenje op ús molketaap-nijsbrief om op de hichte te bliuwen.

 

 

Publisearre op 28 maart 2020

Kodûnsjen op ôfstân

Dit wykein sille de kij as it in bytsje slagget, wer nei bûten ta. Se sille grif dûnsje, mar dizze kear sûnder publyk. Dat wol sizze: sûnder dat publyk dat yn it lân stiet. Wy sette nei de tiid in filmke online. Live streame sil net slagje, binne wy achterkaam.

 

 

Publisearre op 17 maart 2020

Gjin kodûnsjen yn 2020

De kij sille sa as it no liket der nije wike út. Se sille dan wol dûnsje, mar dit jier sûnder publyk. Uteraard fanwegen it Corona-firus. Spitich, mar it is net oars!

Publisearre op 26 maart 2019

Kowedûns foarearst op snein 31 maart om 13.00 oere

stal

As as it no liket, sille de kij der sneintemiddei om 1 oere út. Elkenien is wolkom fan 12 oere ôf (bakje kofje derby). Om 13.00 oere dogge wy dan doar fan de stâl iepen.

Mocht it waar de kommende dagen ôffalle, dan kin it wêze dat wy de kowedûns ferskowe. Hâldt dêrom de site yn de gaten (www.obio.nl).

Publisearre op 21 maart 2019

De kij kinne hast wer nei bûten ta

Nei it reinwetter fan de lêste pear wiken, begjint it lân no wer moai op te drûgjen. Wy ferwachtsje dat de kij yn it wykein fan 30 en 31 maart wer nei bûten ta kinne. Dat hinget der fan ôf hoe hurd it lân opdrûget. As de waarberjochten útkomme, moat it dan wol kinne.

As de kij derút gean, hâlde wy fansels wer de jierlikse kowedûns. Fia de site en oaren kanalen hâlde wy jimme op de hicht op hokker datum en hoe let it wurdt ...

Publisearre op 13 april 2018

Kodûnsjen fersetten nei moarn 14 april

Omdat it waarberjocht foar snein wat reinen oanjout, litte wy de kij der moarn út. Foar moarn wurdt droech waar ferwachte. Omdat it waarberjocht net sa hiel stabyl is, is it wol goed om moarnier noch efkes op de site te sjen oft it trochgiet.

Op sneon 14 april binne jo fan 12.00 oere ôf wolkom. Dan stiet de kofje klear. Om 13.00 oere dogge wy de doarren iepen.

Publisearre op 06 april 2018

Kodûnsjen op snein 15 april

As freed en sneon net tefolle reinwetter falt, sille snein de kij nei bûten ta. Om 11 oere stiet de kofje en koeke klear, om 12 oere dogge wy de doarren iepen.

Sjoch foar de wissichheid sneintemoarn noch efkes op de site (je witte it mar nooit mei it waar....).

Publisearre op 03 april 2018

Ynkoarten wer it kodûnsjen; datum noch net bekend

Ek dit jier hâlde wy wer it jierlikse kodûnsjen. It lân is no noch te wiet, mar sadra't it droech genôch is, sille de kij der wer út. Sa't it no liket, wurdt dat it kommende wykein of it wykein dêr op (14 of 15 april). As der sicht is op de datum, stjoere wy in nijsbrief.

Publisearre op 25 juny 2017

Moaie foarstellingen fan Kening fan de Greide

Fan tongersdei 22 juni oant en mei snein 25 juni spile Kening fan de Greide fan Pier21 en toneelgroep Jan Vos by ús op it hiem. Foarôf ite en dan de foarstelling sjen. Hjirûnder in pear foto's fan René den Engelsman.

 simmerdeis 1  simmerdeis 2

simmerdeis 3   simmerdeis 4

simmerdeis 5   simmerdeis 6

 

Publisearre op 29 april 2017

Lekker nei de bioboer op 18 juni

lekkernaarbioboer2Krekt as oare jierren hâlde wy ek dit jier wer in iepen dei yn it ramt fan Lekker naar de Bioboer.  Op ús bedriuw binne jo tusken 11 oere moarns en healwei fjouweren middeis fan herte wolkom om yn de kunde te kommen mei ús manier fan buorkjen. Jo kinne it lân yn, tusken de kij sjen, krûden sykje of gewoan genietsje fan de rêst yn it lân.

Oant snein 18e juny!

Publisearre op 29 april 2017

Simmersdeis en Kening fan de Greide

tintekfdgOp 22, 23, 24 en 25 juny wurdt yn it ramt fan it Simmerdeis-festival by ús op pleats de foarstelling Kening fan Greide spile. Kaarten kinne fia Simmerdeis kocht wurde.

Publisearre op 02 april 2017

In protte minsken by it kodûnsjen

kodûdnsjen2017Ûnder grutte belangstelling gongen de kij hjoed foar it earst it lân wer yn. Der wiene likernôch 400 minsken om it spektakel te besjen. Hooplik wurdt it in lange greidesimmer mar dat bliuwt fansels ôf te wachtsjen.......

Publisearre op 02 april 2017

Se hawwe it yn de gaten

kijhastderutHjoed sille de kij derút. Fan 11 oere ôf stiet de kofje klear. Oant aanst.

Publisearre op 31 maart 2017

Snein 2 april sille de kij derút!

IMG 3558Op snein 2 april hâlde wy it kodûnsjen. Fan 11 oere ôf binne wy 'iepen'. Foardat de doarren fan de stâl iepen gean biede wy jo in kopke kofje mei koeke oan. It doel is dat om 12.00 oere de doarren fan de stâl iepen gean.

Mocht it om wat foar reden dan ek net trochgean, dan sette wy dat sneintemoarn op de side.

Oant snein!

Publisearre op 29 maart 2017

Datum kodûnsjen wat ûnwis oan it wurden

IMG 1441Ferline wike gongen wy der fanút dat it kodûnsjen op snein 2 april hâlden wurde soe. Dêr geane wy noch hieltiten fan út, mar de waarberjochten foar snein wurde der net better op. Wy wolle op it lêst wol dat it moai waar is by it kodûnsjen.

As de kommende dagen bliken docht dat it waar op sneon geskikter is dan dat op snein, dan wurdt it kodûnsjen op sneon 1 april (!) hâlden. En dat is net in grapke.

Freed stjoere wy in nijsbrief mei de definitieve datum. Ast noch net foar it nijsbrief ynskreaun bist, skriuw dy dan yn.

Publisearre op 21 maart 2017

It kodûnsjen fan 2017

neerslagNo't de earste kij hjir en dêr yn it lân der al wer út binne , like it my goed de sitewaasje op ús bedriuw oan te jaan. Ferline wike freed hawwe wy de dong op it lân brocht. De grûn wie doe krekt drûch genôch om mei licht materiaal op it lân wêze te kinnen.

Read More
Publisearre op 15 july 2016

Alle fee wer nei bûten

IMG 0030Nei de wiete rite yn it begjin fan july moasten de kij en ek de keallen wer nei binnen omdat it lân te wiet wie. Mar no is alle fee al wer mear dan in wike folop bûten, lekker yn de greide sa ’t it heart.

En no mar hoopje op echt simmerwaar ...

Publisearre op 05 july 2016

Measte fee wer binnen

kijbinnenjulyTroch it wiete waar fan de ôfrûne tiid is it lân te wiet wurden om it fee noch weidzje litte te kinnen. Sûnt ferline wike freed steane de melkkij en de keallen wer op stâl. Allinne de hokkelingen rinne noch bûten. Sy ha in perseel dat wat heger leit en dêrom noch ridlik droech is.

Hooplik kin it fee letter dizze wike wer nei bûten. Kinne wy dit jier twa kear genietsje fan it kodûnsjen....

Publisearre op 26 juny 2016

Foarstelling Kening fan de Greide goed slagge

simmerdeis1

Hjoed wie as ûnderdiel fan Simmerdeis, it kulturele festival yn de gemeente Smellingerlân, in theatrale lêzing fan de Kening fan de Greide op ús bedriuw.

Read More
Publisearre op 18 juny 2016

Foarstelling Simmersdei op snein 26 juni

simmerdeisIen fan de foarstellingen fan it jierlikse teater- en musykfestival Simmersdeis wurdt hâlden by ús op de pleats yn in kapskuorre mei útsjoch op de greiden.

Klik hjirre foar mear ynformaasje .

Publisearre op 18 juny 2016

Lekker nei de boer by moai waar!

acherbiologischOp snein 19 juny (moarn dus) hâlde wy tusken 10.00 en 16.00 oere iepen dei. De waarberjochten binne goed; it skynt yn alle gefallen droech te bliuwen. Dat betsjut dat jo lekker de greide yn kinne, by de kij en it jongfee sjen kinne, of gewoan genietsje kinne fan it lânskip en fegetaasje.

Dêrneist kinne jo produkten fan Zuiver Zuivel priuwe en fersoargje wy in koarte rûnlieding op it bedriuw .

Ien puntsje fan oandacht: moarn wurdt de dyk by ús in skoftsje ôfsluten yn ferbân mei de Acht van Drachten, in rekreaasjeloop fan Beetstersweach nei Drachten. Tusken 14.00 en  15.00 oere is de dyk ticht.

Hooplik oant moarn !

Publisearre op 07 maaie 2016

Waarme en moaie kowedûns: se binne derút!

Mei prachtich waar binne de kij fan de moarn derút gongen. Ûnder it each fan in pear hûndert besikers, sprongen de kij en de kealtsjes it lân yn. Letter op de middei binne ek de hokkelingen nei bûten gongen.

No binne allinne noch in pear keallen yn de stâl, mar ek dy sille fan de wike it lân yn. De maitiid, nee miskien wol de simmer is begûn!

Filmke fan Maurice Hamming

Publisearre op 06 maaie 2016

Wy binne der klear foar, sneon 7 maaie kodûnsjen!

gjinfoertrochitfoerstekWy binne klear foar it kodûnsjen. It lân is frede, it gers grien en mei it waar liket it ek hielendal goed te kommen. Koartsein: de doarren sille moarn om 11 oere iepen gean. Wol freegje wy de besikers in pear hûsregeltsjes yn acht te nimmen.

Read More
Publisearre op 04 maaie 2016

Sneontemoarn 11 oere sille de kij derút!

kij yn stâlEinlings is it safier. Kommende sneon om 11 oere krekt dogge wy de doarren fan de stâl wer iepen en kin it kodûnsjen begjinne. Elkenien is fan 10 oere ôf wolkom. De kofje stiet klear.

Publisearre op 30 april 2016

It Kodûnsjen sil hast heve ..... ?

sinneskyn

De waarberjochten foar de twadde helte fan de wike binne goed. As se útkomme en it lân droeget goed ôf, dan sille de kij (ûnder foarbehâld) it kommende wykein nei bûten ta en hawwe wy wer de jierlikse kowedûns. Sadree't de datum definityf is, stjoere wy in nijsbrief rûn.

Publisearre op 21 april 2016

Foarearst noch gjin kodûnsjen

Wy kinne foarearst de kij noch net dûnsje litte. It lân droeget wol moai op, mar de waarberjochten foar it wykein en de wike dêrop binne striemin en de lannen binne noch lang net droech genôch foar de kij.

Publisearre op 31 maart 2016

Ek dit wykein noch gjin ko-dûnsjen

waarkaartsjeTroch de rein fan de ôfrûne wike is it lân noch hieltyd te wiet foar de it ko-dûnsjen. Hooplik wurdt it nije wike oft dy wike dêrnei as it waar it talit.

Publisearre op 24 maart 2016

Kodûnsjen is útsteld

IMG 1441Spitigernôch moatte wy it kodûnsjen útstelle. It lân is noch te wiet en de waarberjochten jouwe oan dat it grif net droeger wurde sil de kommende dagen. Dat betsjut dat wy besletten hawwe de kij der yn alle gefallen yn de peaskedagen noch net út te litten.

Mocht it waar hiel bot tafalle en it waarberjocht net útkomme, dan is der in hiele lytse kâns dat it noch wol trochgiet, mar wy rekkenje dêr net op.

Publisearre op 19 maart 2016

Miskien kodûnsjen op de peaskedagen

IMG 2117

As it dizze wike droech bliuwt en it op ien fan de peaskedagen ek droech is, is de kâns grut dat wy de kij derút dogge. It lân is no noch te sêft en moat noch in bytsje droechje foardat it de kij hâlde kin. Wy hâlde jimme op de hichte. Klik hjirre foar mear ynformaasje.

Publisearre op 10 maart 2016

Ynformaasje oer de kowedûns

kealledunsLykas elts jier organisearje wy ek dit jier wer in kowedûns. Mar lykas ek elts jier is de dei dat it plakfynt sterk fan it waar ôfhinklik. Op dit stuit is it lân noch te fierstene te wiet (de kij soene it lân fertraapje as se no nei bûten ta gean soene), mar mei in droege noardeaste wyn kin dat fluch feroarje.

Troch de relatyf waarme hjerst en winter stiet der noch in soad gers, dus dêrom hoecht it net oer te gean.

In pear dagen foardat de kij derút geane, stjoere wy in nijsbrief dêr't jo je foar yntekenje kinne. Ek melde wy it op Facebook en Twitter.

  • 1
  • 2
  • 3
  • 4
  • 5
  • 〉
  • 》

Contact:

Obio
It Súd 53, 9203 TC Drachten
T: 0641161719

E: info@obio.nl

BTW: NL001916875B36
KvK: 01141164
Bank: NL46RABO 0369021371