Spitigernôch moatte wy it kodûnsjen útstelle. It lân is noch te wiet en de waarberjochten jouwe oan dat it grif net droeger wurde sil de kommende dagen. Dat betsjut dat wy besletten hawwe de kij der yn alle gefallen yn de peaskedagen noch net út te litten.
Mocht it waar hiel bot tafalle en it waarberjocht net útkomme, dan is der in hiele lytse kâns dat it noch wol trochgiet, mar wy rekkenje dêr net op.