No't de earste kij hjir en dêr yn it lân der al wer út binne , like it my goed de sitewaasje op ús bedriuw oan te jaan. Ferline wike freed hawwe wy de dong op it lân brocht. De grûn wie doe krekt drûch genôch om mei licht materiaal op it lân wêze te kinnen.
Nei it reinwetter fan de lêste dagen is de grûn al wer aardich wiet wurden. As wy no de kij derút litte, soene se it gers fertraapej en de siedde stikken meitsje. Boppedat stiet der (omdat dit wiete grûn is) noch mar in bytsje gers.
De waarberjochten foar de kommende twa wiken binne lykwols goed. Der wurdt gjin reinwetter ferwachte en de temperatuer giet stadichoan omheech. As de berjochten útkomme, hoopje wy om 2 april hinne it kodûnsjen hâlde te kinnen, mar dat is noch lang net wis. As it treft, kin it faaks wol in wike earder, mar it kin alle kanten noch út: ferline jier koene de kij earst begjin maaie derút!
As wy mear nijs ha oer de datum, stjoere wy wer in nijsbrief.