Nei it reinwetter fan de lêste pear wiken, begjint it lân no wer moai op te drûgjen. Wy ferwachtsje dat de kij yn it wykein fan 30 en 31 maart wer nei bûten ta kinne. Dat hinget der fan ôf hoe hurd it lân opdrûget. As de waarberjochten útkomme, moat it dan wol kinne.
As de kij derút gean, hâlde wy fansels wer de jierlikse kowedûns. Fia de site en oaren kanalen hâlde wy jimme op de hicht op hokker datum en hoe let it wurdt ...