Krekt as oare jierren hâlde wy ek dit jier wer in iepen dei yn it ramt fan Lekker naar de Bioboer. Op ús bedriuw binne jo tusken 11 oere moarns en healwei fjouweren middeis fan herte wolkom om yn de kunde te kommen mei ús manier fan buorkjen. Jo kinne it lân yn, tusken de kij sjen, krûden sykje of gewoan genietsje fan de rêst yn it lân.
Oant snein 18e juny!