Dongskieden en noch mear bokashi

IMG 3122Omdat de putten fol wiene, moast ferline wike de stront oerpompt wurde. De lêste jierren litte wy de dong skiede yn in tinne en in tsjokke fraksje. De tinne fraksje giet yn de dongsek en fan de tsjokke  fraksje meitsje wy Bokashi, teminsten dat besykje wy.

Neidat de dong skieden is en tsjokke fraksje op in bult efter de stâl leit, kom it leanbedriuw mei in kraan. Hy set de bult om en docht der klaaimineralen en seeskelpekalk trochhinne en soarget derfoar dat de bult goed ticht oandrukt wurdt. Dan kûlje wy it yn. Oan de dong wurdt yn it winterskoft in mingsel fan bakteriën en skimmels taheakke. Dizze binne derfoar om de stront yn de stâlperioade goed omsette te litten.

 

 

IMG 3120IMG 3131IMG 3134IMG 3138