Dansende koeien in een gedicht

Vorig jaar inspireerde de koeiendans dhr Wobbe Atsma tot het volgende gedicht. Met de beelden van vandaag een mooie afsluiting van de koeiendans 2012:

koeienmeiden in de bocht

Rock & Roll

Jûchhei, it is safier! Lang om let waaie

de bûthúsdoarren iepen. Bolbjirken

stowe bûnte balters yn 'e bûtenloft.

En op it gers fan it grutte greidteater

spatte de kij mâltjirgjend út 'e bocht.

 

De toan is set! It golle maitiidsliet klinkt

lykas Hiphop/rap yn in Idolsshow mei fette

Rock en Roll. De X-faktor fan it feeballet

lûkt minsken by de rûs, supersljocht nei

it spektakel fan de populêre frijheidsdûns.

 

Al is it nuver spul fansels, dat jong en âld

efter it stikeltried him as in keppelbist

mar amper yn de stringen skikt, wylst it fee

dêr't se foar komme har wyld en gysten

foar dat frjemde apefolk te pletter skrikt.

 

Mar och, in ko is mar in ko. En ek de pink,

it rier of hokkeling hat net folle benul fan

it tipelsinnige gedoch fan al dy deitoeristen.

De bisten wolle inkeld graach it lân yn om te

swingen en dat sjocht de bolle ek wol sitten.

 

Nee, it is net ferkeard en jou de kij wat romte,

dat smyt foar elk in protte wille op. Boppedat

kin men der ek noch wat fan leare. Want wat

oars yn 'e skimer fan de stâl ferburgen bliuwt,

komt bûtendoar yn folle gloarje foar it ljocht.

 

'Wat is dat no?' wiist in jonkje nei it skodzjen

ûnder in kowesturt. 'Dêr komt de molke wei',

laket syn heit. It baaske rekket fuort optein

oer de grouwe boarne fan it wite focht, grif

dat er dêrom happich seit: 'Ik wol ek sa'n ko!'

 

Wobbe Atsma